Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Opstelling: De basis

As manager fan dyn ploech bepaalsto hoe't dyn ploech spylje sil, en hokker formaasje oft der brûkt wurdt. Foar eltse wedstriid joust dyn beslissing - dyn wedstriidoarders - troch, op it oarderformulier datst yn de wedstriidlist fine kinst. Dyn wedstriidoarders moatte minstens 20 minuten foar it begjin fan de wedstriid trochjûn wêze. Tink derom dat it horloazje fan de skiedsrjochter faaks net lykrint mei dat fan dy, dus besykje te fermijen datst op it lêste momint oarders trochjoust. Do kinst in wedstriidoarder ek ynstelle as "standertopstelling" (en wy riede dy oan om dat út foarsoarch te dwaan). Dat betsjut dat Hattrick dy opstelling oannimt foar kommende wedstriden, mar do kinst dyn opstelling foar kommende wedstriden altyd oanpasse oan de omstannichheden.

Begjinopstelling en wikselspilers

Foar eltse wedstriid selektearrest dyn alve spilers dy't op it fjild begjinne, dyn wikselspilers, dyn deaspulnimmer en dyn oanfierder. Yn it oarderformulier kinst kieze hokker spiler oft wêr spilet troch te slepen en te smiten.

As ien fan dyn spilers blessearre rekket sil de wikselspiler foar dy posysje it fjild ynkomme. Ast oan dy posysje gjin wikselspiler tawiisd hast, of de wikselspiler ek blessearre is, wurdt automatysk ien fan de oare wikselspilers selektearre om te spyljen. Ast gjin wikselspilers hast, moatst de wedstriid útspylje mei 10 spilers. Ast troch dyn wiksels hinne bist en dyn doelferdigener rekket blessearre (of ast gjin wikselspilers mei hast) nimt in fjildspiler syn plak yn. Do kinst ek wiksels op betingsten ynstelle. Lês it haadstik "Wiksels" foar mear ynfo.

Fersaakjen

Tink deroan datst dyn kompetysje- of bekerwedstriden mei minstens 9 spilers begjinne moatst.

As dyn opstelling minder dan 9 spilers befettet, mar do hast spilers beskikber yn dyn seleksje, sille oare klupfunksjonarissen yngripe en in ploech gearstalle foar dy spesifieke wedstriid. Yn sokke wedstriden sil dyn ploech legere ploechsfear, foarm, fertrouwen en formaasjeûnderfining ha yn ferliking mei as do de opstelling sels yntsjinne hiedest. Dit effekt duorret mar ien wedstriid, en oan de pluskant sille spilers noch altiid trening krije foar de wedstriid.

As der net genôch spilers yn 'e ploech binne foar in jildige opstelling, sil dyn ploech in fersakingswinst fuortjaan. Ek dit bestraft de ploech op 'e manier dy't hjirboppe beskreaun is, mar yn dit gefal sille de negative effekten ek oergean nei takomstige wedstriden. Yn it gefal fan it fuortjaan fan in fersakingswinst giet it treningseffekt ek ferlern.

Atst net minstens 9 spilers opstelst yn jeugd- of net-offisjele wedstriden, sil de jongerein út de buert dyn ploech ferfange. Dit sil gjin negative ynfloed ha op de trening fan spilers dy't dy wike yn in offisjele wedstriid spile ha, yn tsjinstelling ta fersaakjen yn offisjele wedstriden.

In ploech-formaasje kieze

Do kinst yn eltse formaasje spylje dy't op it formulier ynfolle wurde kin, dyn treningsside toant ek de folsleine list mei formaasjes.

It is goed om te witten dat as der mear as ien spiler op in sintrale posysje (ferdigener, middenfjilder of oanfaller) spilet, dy spilers net by steat binne om nei harren folsleine mooglikheden by te dragen oan de ploechwurdearrings. Dit ferlies oan bydrage is ek grutter foar trije spilers as foar twa. De logika hjirefter is dat sagau't mear as ien spiler op itselde gebiet spilet, sy fan inoar ôfhinklik wurde en dêrom net mei harren folsleine mooglikheden bydrage kinne.

Yn it koart draacht in inkele spiler op in sintrale posysje 100% by. It ynsetten fan twa spilers yn in sintrale posysje betsjut in bydrageferlies (dat ynfloed hat op beide spilers), trije sintrale spilers betsjut in grutter ferlies (dat op alle trije ynfloed hat). Dit ferlies beynfloedet alle feardigens fan de spiler.

Hoefolle bydrage oft de spilers ferlieze is ek grutter foar sintrale middenfjilders as foar oanfallers, en grutter foar oanfallers as foar ferdigeners. Om krekter te wêzen is it ferlies foar sintrale middenfjilders likernôch it dûbele fan ferdigeners, oanfallers sitte dêr rûchwei tuskenyn.

Taktiken en ploechhâlding

Yn it oarderformulier kinst ek de taktyk (ast dy brûke wolst) en hâlding fan dyn ploech foar dy wedstriid ynstelle. Lês it haadstik "Wedstriid: Taktiken" foar mear ynfo oer de ferskate types taktiken, en it haadstik "Psychology" foar mear ynfo oer de ploechhâlding.

Mandekking oarder

Mei mandekking ynstruearst ien fan dyn spilers om in belangryke spiler fan dyn tsjinstanner te folgjen en neutralisearjen. Mandekking is nea sûnder risiko's, dat gebrûk it mei soarch - mar mei de goeie spiler en op it goeie momint, kin it in effisjinte manier wêze om dyn kânsen yn in wedstriid te ferbetterjen.

It prinsipe is dat ien fan dyn spilers opdracht kriget om in spesifike spiler fan dyn tsjinstanner te folgjen en foar de fuotten te rinnen. As de doelwit spiler op it fjild is, wurdt de mandekking oarder nei 5 minuten aktivearre en dyn eigen spiler sil dernei in stik lytsere bydrage oan dyn ploech leverje dan as hy normaal dwaan soe. Mear spesifyk is de bydrage fan dyn spiler 50% minder as de tsjinstanner tichtby is en 65% minder as hy fierder fuort is. It foardiel foar dy is dat, hooplik, de bydrage fan de doelwit spiler ek ôfnimt. Dit hinget ôf fan hoe effektyf dyn spiler as mandekker is. De keunst is, fansels, om de situaasjes te finen wêr't mandekking him útbetellet en de situaasjes te foarkommen wêr't it net mooglik is.

In spiler mei de opdracht mandekking kin gjin oare ynstruksje krije: dit betsjut dat it jaan fan in mandekking oarder eltse oare yndividuele ynstruksje ôfbrekt oer offinsyf, definsyf, nei de wjuk of nei it midden spyljen.

Do kinst eltse wedstriid mar ien mandekking oarder jaan oan ien fan dyn eigen ferdigeners, wjukferdigeners en sintrale middenfjilders, en allinich mei in oanfaller, wjukspiler of sintrale middenfjilder fan dyn tsjinstanner as doel. As de doelwit spiler net op it fjild stiet, of as hy spilet yn in net markearbere posysje, wurdt de opdracht útskeakele, mar dyn mandekker sil noch 10% fan syn bydrage ferlieze. Dochs kin in mandekking oarder dy't yn it begjin fan de wedstryd útskeakele is, eventueel aktyf wurde as de doelwit spiler troch in wiksel yn it fjild komt of as de doelwit spiler troch in yndividuele oarder op in markearbere posysje komt te spyljen.

Wylst in mandekking-oarder aktyf is, sil de mandekker mei syn feardigens gjin bydrage leverje oan taktykfeardigens (lykas Druk sette of Tsjinoanfallen). Hy sil lykwols bydrage oan de taktykfeardigens as de mandekking-oarder útskeakele is, mar allinich neidat de 10% straf dy't hjirboppe neamd wurdt tapast is.

De ferdigenjenfeardigens is it belangrykste foar dyn Mandekker. It wurdt fergelike mei de heechste feardigens op de doelwit spiler. Dizze fergeliking beslút hoe grut de straf op de bydrage fan de doelwit spiler oan de ploechwurdearrings wêze sil. As dyn mandekker Krêftich is kriget hy tidens it berekkenjen fan it mandekking-effekt 10% bonus op syn ferdigeningsfeardigens, as dyn mandekker gjin spesjaliteit hat is de bonus 5%. Dêr tsjinoer, as de doelwit spiler Technysk is, sil hy 8% fan syn heechste feardigens tidens de berekkening ferlieze, mar as hy Unfoarspelber is, sil hy 8% dêrfan winne. Foarm, kondysje, underfining, kluptrou, memmeklup-bonus en sûnens binne derneist wichtich foar dyn mandekker, mar ek foar de doelwit spiler. Tink derom dat alle bonussen en straffen troch spesjaliteiten allinne meitelle by it berekkenjen fan it mandekking-effekt, do sjochst se net rjochtstreeks werom yn de ploechwurdearrings.

Eltse straf foar de mandekker hat ynfloed op al syn feardigens, útsein Doelferdigenjen en Dea spul. De straf foar de doelwit spiler slut ek Ferdigenjen út.

Yndividuele oarders

Do kinst al dyn fjildspilers yndividuele oarders op it fjild jaan. Do kinst bygelyks dyn sintrale middenfjilder de opdracht jaan om "ferdigenjend" te spyljen. Dat betsjut dat hy noch altyd in sintrale middenfjilder is, mar dat er him mear op ferdigenjen rjochtet as normaal, en minder op oanfallen. Der binne fjouwer yndividuele oarders, besjoch dizze tabel foar alle details oer wat se ynhâlde foar eltse posysje. Do kinst ek in spiler freegje om mandekking út te fieren op in stjerspiler fan dyn tsjinstanner. Mear hjir oer is ferklearre yn it part oer Mandekking.
 
Server 082