Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Hulp »   Hûsregels »   Yntroduksje 

Hûsregels

Hattrick is hielendal fergees. Wy steane der allinnich op datst ús tige ienfâldige hûsregels folgest. Ast tinkst dat der ien dy regels oertrêdet, freegje wy dy om de GameMasters te warskôgjen.

De Hattrickûntwikkelers besykje altyd om it spul te ferbetterjen. Funksjes kinne op elts stuit taheakke wurde, al wurde de grutte feroarings meastentiids tusken de seizoenen ynfierd. Omdat Hattrick in spul is sûnder ein, moat it sa no en dan oanpast wurde troch de ûntwikkelers. Bygelyks om foar te kommen dat guon soarten ploegen ûnferslaanber wurde. Yn it koart, de ûntwikkelers hâlde tasicht op it spul, dêr't wy sa út en troch wat behearskje moatte. Wy besykje foarinoar te krijen dat alles sa earlik en soepel mooglik ferrint, leafst jouwe wy in warskôging foardat eat feroare wurdt, dan kinsto dy dêrop tariede. Mar guon saken moatte gewoan daliks feroare wurde.

Yn it algemien binne de servers altyd iepen foar dy, mar by in opwurdearring of by stoaringen kin it barre dat wy in kear net te berikken binne. Wy besykje altyd op tiid te warskôgjen as wy de tsjinsten ûnderbrekke, mar ûnder ekstreme omstandichheden moatte wy faaks problemen oplosse sûnder warskôging.

Sa út en troch barre der dingen yn Hattrick dy’t net pland binne, lykas bugs. As der eat frjemds bart, kinst dêroer kontakt opnimme mei de GMs, en dan sille wy der nei sjen. As we problemen oplosse, besykje wy it sa earlik mooglik op te lossen, mar fanwege praktyske redenen kin in wedstriid net oerspile wurde. Unearlike besluten fan skiedsrjochters, aparte foarfallen om it fjild hinne dy't in wedstriid ferpeste, en pech binne no ienkear ek in diel fan it spul.

 
Server 082